Op dizze site kinne allinnich guod en tsjinsten oanbean wurde yn Fryslân. De advertinsjes kinne sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk opsteld wurde.
It ferbod op oare merk- en ferkeapsites fan Fryske advertinsjes hat ûnder mear oanlieding west foar it opsetten fan dizze site. Dêrneist is it foar ynwenners fan Fryslân fansels ek folle makliker om in bankstel foar in pear tientsjes yn de buert ôf te heljen as der hielendal foar nei Den Bosch reizgje te moatten. In foardiel is ek dat, trochdat fraach en oanbod beheind bliuwe ta Fryslân, de kâns grutter is dat in advertinsje op tekeapynfryslân.nl lêzen wurdt. Op in soad oare websites is in advertinsje dy’t krekt pleatst is, yn in pear minuten al sa fier sakke, dat er troch nimmen mear besjoen wurdt. Oanbieders binne ek better te kontrolearjen. It is fansels noait hielendal foar te kommen, mar minsken dy’t misbrûk meitsje of oare minsken beneidielje wolle, binne makliker te trasearjen.
Minsken dy’t wat ferkeapje wolle, mar sels gjin keapers oan de doar ha wolle, kinne de goederen nei it kantoar yn Snits bringe. Se wurde dan op de website setten en ferkocht fan Snits út. De ferkeaper kin op dat kantoar ek sels de transaksje ôfhandelje. Ek kin in meiwurker fan tekeapynfryslan.nl de transaksje tegearre mei de ferkeaper ôfhandelje of begeliede. Dizze tsjinsten wurde tsjin in ridlike fergoeding oanbean as ekstra service.
Yn de oanrinperioade kinne de measte partikuliere advertinsjes gratis pleatst wurde. Foar sommige rubriken wurdt in lyts bedrach frege. Kommersjele advertinsjes kinne allinnich troch bedriuwen yn Fryslân pleatst wurde.
Der is in eigen helpteam, te berikken op helpdesk@tekeapynfryslan.nl, dêr’t alle fragen, op- of oanmerkings, tips en goeie rie trochjûn wurde kinne.